Brêgen wurde wer betsjinne

25 mrt 2005 - 11:28

Alle brêgen en slûzen yn Fryslân wurde fan freed ôf wer betsjinne. Dat is in wike earder as oare jierren, omdat Peaske dit jier ek betiid falt.

Rekreaasje-ûndernimmers hiene frege om earder te begjinnen mei de brêgebetsjinning. De behearders fan de brêgen, de provinsje, gemeenten en Ryskwettersteat ha oan dat fersyk foldien. De betsjinningstiden fan de brêgen wurde dit jier noch neet ferrûme. Dêr komt mear ûndersyk nei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)