'Gjin foardieliger soarch'

© Omrop Fryslân
De konkurrinsje tusken sikehûzen makket de soarch net goedkeaper, sa't de bedoeling wol is. Dat seit De Friesland Zorgverzekeraar. De preemjes geane earst noch net omheech. Mar wat der yn de takomst bart, is ûnwis, tinkt de soarchfersekerder.
De ynfiering fan de frije merk hat lykwols net allinnich neidielen. De foardielen sitte foaral yn de ekstra service dy't soarchfersekerders tenei foar je regelje kinne yn it sikehûs.