Studinte yn it ûngelyk steld

© Omrop Fryslân
De Kristlike Hegeskoalle CHN hoecht in staazje fan in âld-studinte net op 'e nij te beoardieljen. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald.
Rommie Kuiphof fan Burdaard fûn dat de CHN har staazje ûnterjochte ôfkard hie. By evaluaasjegesprekken soe nea sein wêze dat it net goed gong. De CHN seit fan wol, mar it is nea op papier set. De CHN hoecht har staazje net op 'e nij te beoardieljen, omdat se der net mear ynskreaun stiet, seit de rjochter.