Utstalling oer oarloch yn S'fean

24 mrt 2005 - 22:47
Foto: Omrop Fryslân

Yn it Munt- en Penningkabinet fan de Spaar- en Voorschotbank yn Surhústerfean is tongersdei in útstalling iepene oer de oarloch yn Achtkarspelen.

Foarwerpen út de oarlochstiid litte sjen hoe't Achtkarspelen de oarloch belibbe hat. Der binne ûnder oare foto's fan oarlochsslachtoffers te sjen. Ek binne âlde affisjes, bonneboekjes en in alarmsirene útstald.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)