Programma Wâldrock hast rûn

© Omrop Fryslân
De programmearing fan metalfestival Wâldrock yn Burgum is rûn, op de earste band nei. Neffens de tradysje is de earste band op it Wâldrockpoadium in Fryske band. Grutte nammen op it festival binne Dimmu Borgir en Megadeth. Koartlyn binne de Strapping Young Lads, Mastodon en Life of Agony dêroan ta heakke.
De foarferkeap fan Wâldrock is yntusken al útein set. It festival is op 4 juny oan de Simmerwei yn Burgum.