Amelân noch net wis oer Unesco

23 mrt 2005 - 20:43

De gemeente It Amelân hat noch gjin stânpunt ynnommen oer de nominaasje fan it waadgebiet op de wrâlderfguodlist fan Unesco. Justerjûn soe de ried dêroer beslute, mar dat is útsteld fanwege in rapport fan it ministearje fan lânbou. Dêryn stiet wat de ekonomyske gefolgen wêze sille fan it pleatsen op de wrâlderfguodlist.

It Amelân sil no op de folgjende riedsgearkomste hjiroer beslute.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)