2000 nije wenten Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De kommende jierren wurde der yn de gemeente Smellingerlân 2000 nije wenningen boud. Dat sil de gemeente dwaan yn oparbeidzjen mei de wenningboukorporaasjes.
De wenningmerk yn Smellingerlân sit al in pear jier op slot. Der steane 3000 minsken op de wachtlist foar in hierwenning en der is te min trochstreaming fan hier nei keap. Fan de 2000 nije hûzen wurdt in tredde part hier en twatredde keap.