'Mear hierwenten op plattelân'

22 mrt 2005 - 17:21

De provinsje moat de bou fan hierwenten op doarpen stimulearje. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. De fraksje freget oan deputearre steaten wêrom't der bûten de stêden hast gjin hierwenten boud wurde.

It is belangryk om ek bûten de stêden hierwenten te bouwen omdat minsken dan yn har eigen wenomjouwing bliuwe kinne. Dat jildt benammen foar starters, minsken mei in smelle beurs, âlderen en minsken dy't soarch nedich hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)