Friesland Foods draait diels wer

22 mrt 2005 - 14:36

De produksje fan molke yn blik by it Ljouwerter fabryk fan suvelkonsern Friesland Foods draait wer. Begjin maart kaam de produksje stil te stean nei in grutte brân by de blikôfdieling. De skea rint yn de miljoenen.

It fjoer is oanstutsen troch in 21-jierrige man dy't troch meiwurkers fan Friesland Foods koart nei de brân oanhâlden is. De skea troch de brân is noch net folslein ferholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)