Op 'e nij gaslucht yn Snits

22 mrt 2005 - 14:17

De brânwacht fan Snits hat op 'e nij yn de Age Piersstrjitte west omdat der melding wie fan in sterke gaslucht. De strjitte hat sûnt in heal jier geregeld te krijen mei stjonkerij dy't liket op ûntsnapt gas.

Sneintenacht waard yn de wente troch de brânwacht lykwols gjin sterke gaslucht konstatearre. Ek de gemeente hat yn de wenning west en koe neat fine. Dochs docht de gemeente fierder ûndersyk. De wenten wurde dêrby neisjoen en himmele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)