Masterplan Drachten gau bekend

22 mrt 2005 - 13:44

It gemeentebestjoer fan Smellingerlân sil noch foar de simmer mei konkrete plannen komme oer it masterplan foar it Drachtster sintrum. It sintrumgebiet sil foar seis miljoen euro opknapt wurde. Sa wurde der nije winkelgebouwen en wenningen boud en komme der twa nije parkeargaraazjes.

De ûnderhannelings mei ferskate partijen binne noch folop dwaande. Binnen no en trije moanne wurde de earste resultaten bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)