Digitale sportwizer handikapten

22 mrt 2005 - 12:17

In digitale sportwizer moat it foar minsken mei in beheining yn de takomst makliker meitsje om te sporten. De sportwizer is unyk foar Nederlân en ûntwikkele troch de sportorganisaasje Sport Fryslân.

De wizer is fia de ynternetside fan Sport Fryslân te besjen en wiist it paad foar handikapten dy't op syk binne nei in plak dêr't se sporte kinne. Meiïnoar kinne de besikers in kar meitsje út 170 sportaktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)