Frysk bedriuw nei Curaçao

22 mrt 2005 - 10:40
Foto: Omrop Fryslân

It Harnzer-Warkumer oannimmersbedriuw De Boer en de Groot sil in grutte rol spylje by it opknappen fan de pontjesbrêge yn Willemstad op Curaçao. De brêge stiet op de wrâlderfguodlist fan Unesco en moat opknapt wurde.

It oannimmersbedriuw sil mei trije oare bedriuwen út it noarden materialen leverje en de lokale arbeiders begeliede en helpe by de renovaasje. De opknapbeurt kostet goed 4 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)