Beatrix 4 augustus nei Fryslân
Keninginne Beatrix komt op fjouwer augustus nei Fryslân. De besite duorret fan ien oant healwei seizen middeis. Omdat Beatrix fiifentweintich jier Keninginne is, komt se dit jier nei alle tolve provinsjes.
De besite oan Fryslân begjint op Skylge. Dêrnei giet se nei Dekema State yn Jelsum om mei de Fryske deputearren te praten. De keninklike besite wurdt ôfsletten mei in floatskou op de Pikmar by Grou.