Oaljefûgels op Skylge

22 mrt 2005 - 06:45

Op Skylge binne dit wykein tsientallen fûgels oanspield dy't ûnder de oalje sieten. De Fûgelpits yn Moddergat hat yntusken 63 fûgels opfongen.

Gewoanwei spiele der nei april eins gjin oaljeslachtoffers mear oan. Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits seit dat it seizoen foar oaljeslachtoffers sa'n bytsje rint fan oktober oant heal april. Dêrnei geane de fûgels nei de briedgebieten. Se is fernuvere dat der no sa'n grutte groep oaljefûgels fûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)