Fraude yn Fryske hoareka

© Omrop Fryslân
Ien op de fiif bûtenlânske restaurants yn Fryslân makket gebrûk fan yllegale wurknimmers. Dat docht bliken út sifers fan in 'hoareka-yntervinsjeteam'. Dat is yn septimber oprjochte om de fraude hurder oan te pakken.
De measte oertredings waarden konstateard by Sineeske restaurants. De beboete bedriuwen hiene minsken yn tsjinst sûnder wurkfergunning. In part fan dy groep wie ek yllegaal yn Nederlân.