Ljipaai besoarge by Omrop

22 mrt 2005 - 06:40

Der is moandeitemoarn in ljipaai besoarge by it gebou fan Omrop Fryslân. In anonym briefke fermeldt dat it om it earste offisjele ljipaai gean soe dat sneon fûn is by Skûlenboarch. De finers út Berltsum hawwe it aai doe lizze litten, mar 'in wiere Wâldman' doarde it wol op te krijen. It aai wie ferpakt yn in blikje mei seachsel.

In meiwurker fan 'e omrop hat it aai moandeitemiddei oan it Frysk Natuermuseum oanbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)