Jeroen Drost by Oranje

© Omrop Fryslân
SC Heerenveen-spiler Jeroen Drost is opnommen yn de seleksje fan it Nederlânsk alvetal ûnder de 20 jier. De 18-jierrige ferdigener is in fêste krêft yn it belofteteam fan SC Heerenveen. Hy foel oant no ta fiif kear yn it earste team yn.
Oranje ûnder de 20 jier oefenet freed tsjin FC Twente en nije wike moandei yn Emmen tsjin Marokko. It WK foar nasjonale teams ûnder 20 fynt fanôf 10 juny oant 2 july plak yn Nederlân.