Nijpels hâldt op mei Eneco-tour

21 mrt 2005 - 17:57

Ed Nijpels hâldt op as presidint fan de Eneco-tour. Dat is in meardaagse hurdfytskoers troch Nederlân en België. Nijpels kin it wurk foar de ronde net mear kombinearje mei syn wurk as Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. De ronde wurdt yn augustus riden en dan binne der hjir tefolle eveneminten dêr't er as kommissaris bywêze moat.

Nijpels hat fiif jier de heechste bestjoerder fan de Eneco-tour west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)