Hessel voor Hessel: 100.000 euro
It benefytkonsert Hessel voor Hessel yn Thialf op it Hearrenfean hat sneon rom 100.000 euro opbrocht. Dat hat de organisaasje bekend makke. It bedrach is bestimd foar ûndersyk nei de sykte Aicardi-Goutières. De seis-jierrige Hessel út Ryptsjerk hat dy sykte.
By it konsert yn Thialf waard optreden troch Hessel van der Kooi fan Skylge en syn dochter Tess. It konsert wie mei 4.250 besikers útferkocht. Foar it ûndersyk is 140.000 euro nedich.
Trefwurden:
argyf