Petear Schulting giet net troch

© Omrop Fryslân
It ferline wike oankundige petear tusken Cambuur-trainer Jan Schulting en de nije trainer Roy Wesseling giet foarearst net troch. Schulting wol earst mei it bestjoer oer syn situaasje prate. Hy hat hjirfoar de help ynroppen fan âld-Cambuurfoarsitter Wim Sleijfer, dy't advokaat is yn Ljouwert.
Schulting wol earst witte hoe't it sit mei de yntinsje fan it bestjoer om mei him fierder te gean. Schulting sei dit yn it Sportkafee fan Omrop Fryslân.