Soargen by snoekbearsfiskers

© Omrop Fryslân
Der is grutte ûnrêst ûntstien ûnder snoekbearsfiskers om't der hast gjin snoekbears mear fongen wurdt. Boppedat hawwe guon sportfiskers it idee dat beropsfiskers no ek it rjocht krigen hawwe om op snoekbears te fiskjen en dat sjogge in soad sportfiskers hielendal net sitten.
Soks soe ôfpraat wêze yn de fiskstân- behearskommisje. Om wat oan de ûnrêst te dwaan is der 4 april in ynrinjûn op it Hearrenfean.