Gjin twadde dyk nei Oer de Feart

© Omrop Fryslân
It oanlizzen fan in twadde tagongsdyk nei de wyk Oer de Feart yn Gytsjerk kin wachtsje op de komst fan in nij bedriuweterrein by it plak. Dat fine boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel. Politike partijen en ynwenners hiene frege op koarte termyn te kommen mei in ekstra tagongsdyk.
De dyk is neffens har nedich omdat der meikoarten nochris sa'n 50 hûzen yn de wyk boud wurde. Neffens it kolleezje kin de besteande dyk it ferkear oan.