'Iselmarfiskers no útkeapje'

21 mrt 2005 - 06:57

Boargemaster Piersma fan Wûnseradiel wol mei fjouwer boargemasters fan oare Iselmargemeenten op koarte termyn in sanearing fan de fiskerij op de mar. De boargemasters sjogge neat yn de plannen fan minister Veerman om in regeling foar de sanearing earst foar te lizzen oan de Europeeske Kommisje.

Neffens de boargemasters binne de fiskers no ree om mei te wurkjen. At it útfieren fan de regeling te lang duorret, soene se dat net mear wêze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)