Aris ferliest fan Weert
De basketballers fan it Ljouwerter Aris ha sneontejûn mei 83 tsjin 105 ferlern fan de Basketball Stars út Weert. By de rêst wie it al 36-50 foar de Limburgers. Nei rêst kaam Aris noch werom op 56-61, mar úteinlik moasten de Ljouwerters belies jaan.
It ferlies foel ekstra swier omdat Weert al útskeakele wie foar de play-offs.