Slimferwûnen op A32

© Omrop Fryslân
By it kanteljen fan in pick-up-truck mei gasflessen op de A32 tusken It Hearrenfean en Akkrum binne sneon twa Dútske dakdekkers slimferwûne rekke. Harren auto fleach yn de berm in tal kearen oer de kop. De twa ynsittenden waarden út de auto weislingere.
De ferwûnen binne oerbrocht nei sikehuzen yn Grins en Ljouwert. Troch it ûngelok kamen gasflessen en floeiber asfalt op de dyk telâne. De dyk hat fjouwer oeren ôfsletten west.