Lichte taname tal wurkleazen
It tal wurkleazen yn Fryslân is de ôfrûne moanne in lyts bytsje omheech gien. It giet om in taname fan 0,3 persint. Mei-inoar stean no goed 22.500 minsken ynskreaun by it UWV. Dat is 7,8 persint fan de beropsbefolking.
In jier ferlyn om dizze tiid sieten mear minsken sûnder wurk. Doe wiene it noch mear as 23.000.