Maatregels MCL tsjin baktearje
Sikehûs MCL yn Ljouwert sil de hygiënemaatregels ferskerpe. It MCL fynt dit nedich om de fersprieding fan de saneamde ARE-baktearje foar te kommen. Takom wike wurdt der op trije sjirurgyske ôfdielings in grutte himmelaksje hâlden.
De ôfdielings sille desynfektearre wurde mei wetterstofperokside. Dizze ARE-baktearje makket gjin minsken siik. Yn hiel útsûnderlike gefallen rinne earnstich sike pasjinten in risiko.
Trefwurden:
argyf