FNV ûndersiket nijbou Atoglas

19 mrt 2005 - 15:18

Fakbûn FNV Bondgenoten docht ûndersyk nei subsydzjes fan de Frânske oerheid oan in nije fabryk yn Sint Avold. Yn it fabryk moat it wurk dien wurde, dat no útfierd wurdt by Atoglas yn Ljouwert. Dat fabryk giet ein 2006 ticht, alle 130 meiwurkers ferlieze dan har baan.

It fakbûn wol witte oft de subsydzje fan de Frânske oerheid wol rjochtmjittich is. Foar it nije fabryk yn Frankryk en de sluting fan it fabryk yn Ljouwert is 25 miljoen euro útlutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)