Lânskipstún yn Bosk fan Ipey

19 mrt 2005 - 14:56

De Bosk fan Ipey by Tytsjerk krijt in Ingelske lânskipstún mei wetterpartijen en keunstobjekten. Ek komt der in kultuerpoadium foar muzyk en toanielfoarstellings yn de bosk. Dat hat foarsitter Mulder fan de stifting Op Toutenburg ferline wike bekend makke by de ôfsluting fan de earste útwreiding fan 'Park Groot Vijversburg'.

Meast yn it each springende feroaring by it park is de nije tagongspoart. Dy stiet by it nije parkearterrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)