Talinten socht foar dramasearje
Omrop Fryslân komt nei in eigen talintejacht op tillevyzje. De winners kinne in rol krije yn de nije dramasearje Dankert & Dankert oer twa advokatebruorren. De ferhalen komme út de praktyk fan de ferneamde Fryske advokaten Anker & Anker.
De searje is de opfolger fan Baas Boppe Baas en wurdt ek makke troch regisseur Steven de Jong. Dielnimmers fan 8 oant 88 jier kinne harren opjaan op de ynternetside www.omropfryslân.nl.
Trefwurden:
argyf