Provinsje: markearje nêsten

© Omrop Fryslân
Aaisikers moatte it lân yngean, nêsten markearje en it fynplak opskriuwe. Dat skriuwt de provinsje yn in iepen brief yn de krante. De provinsje stiet achter it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Dy wol it aaisykferbod foar dit seizoen respektearje om yn heger berop te gean en sa it ferbod fan tafel te krijen.
Guon aaisikers wolle harsels bekeure litte en it op in proefproses oankomme litte. Op in gearkomste yn Jirnsum wiene freed 150 lilke aaisikers.