Boek oer iepenloftspul Dronryp

© Omrop Fryslân
Der komt in jubileumboek út fanwege it 25-jierrich bestean fan it iepenloftspul fan Dronryp. Yn it boek stiet in oersjoch fan alle 25 iepenloftspullen dy't der de ôfrûne jierren west ha. Fierder steane der foto's en afysjes yn. It boek is makke troch âld-meiwurkers.
Fanwege it 25-jierrich bestean komt der ek in spesjale jubileumfoarstelling fan de musical Hair. Foar de meiwurkers is der yn juny in reuny.