Arsjitekt lulk op Friesland Bank

19 mrt 2005 - 10:22

Arsjitekt Hendrik Gommer út Ljouwert spant in koart pleit oan tsjin de Friesland Bank. Gommer docht dat omdat de bank folders makke hat mei dêryn in foto's fan wenten dy't Gommer ûntwurpen hat. De Friesland Bank hat dêrfoar gjin tastimming frege oan Gommer. It giet om foto's fan wenten yn Starum.

In wurdfierder fan de Friesland Bank seit dat se de foto fûn ha yn in boek. De rjochten binne kocht fan de fotograaf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)