Wielenpolle lilk oer útstjoering

19 mrt 2005 - 09:25

Bewenners fan de Ljouwerter folksbuert Wielenpolle beriede harren op stappen tsjin de stjoerder SBS6. Se binne net bliid mei hoe't se delset binne yn it programma Probleemwijken. Dêryn binne in pear minsken folge. Dy fielen harren mislaat en fine dat de goede namme fan de wyk skea oandien is.

Sa is te sjen hoe't in bewenner derta oanset wurdt in ynbraak ta te rieden. In oar sjit gatten yn syn doar mei in buks. Negative byldfoarming, fine se.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)