Nije boargemaster Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
De 55-jierrige Ella Schadd-de Boer (PvdA) is troch de keninginne beneamd ta nije boargemaster fan de gemeente Boarnsterhim.
Schadd-de Boer is no noch advokate en PvdA-wethâlder yn de Gelderske gemeente Rheden. Sy folget boargemaster Ype Dykstra op, dy't no waarnimmend boargemaster yn Zeewolde is. Schadd-de Boer har beneaming giet op 15 april yn.