Stellerij by pompen oplost

© Omrop Fryslân
Mei it oanhalden fan in man fan 31 jier út Ljouwert hat de plysje seis gefallen fan stellerij út pompstasjons yn Fryslân oplost. De man helle by de tankstasjons flessen oalje út it rek, en besocht dy dan fuortendalik te ruiljen foar jild.
Yn guon gefallen trape de man of frou efter de kassa dêr yn en krige de man jild. Soms waard de man ek fuortstjoerd omdat hy gjin bon hie. Dan naam de fertochte wol de oalje mei.