Rjochtsaak om deastutsen frou

15 mrt 2012 - 11:01

Yn Ljouwert stiet op dit stuit de man foar de rjochter dy't derfan fertocht wurdt dat er ferline jier yn Snits de 27-jierrige Aswintha Dijkstra deastutsen hat. Him wurdt moard te leste lein. It slachtoffer wie de suster fan syn eks-frou. Hy socht syn eks, dy't wol gauris by har suster yn Snits kaam. De man flechte nei syn die nei België dêr't er deselde jûn oanhâlden waard.

In dei earder hie de man brân makke yn in caravan yn Jislum dêr't syn eks-frou en har bern ferbleaune. De man stiet dêrom ek terjochte foar besykjen ta moard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)