Nije ICT-feriening oprjochte

© Omrop Fryslân
ICT-bedriuwen yn Noard-Nederlân hawwe in gearwurkingsferbân oprjochte. Doel is om in bettere posysje op de merk te krijen, troch mei elkoar opdrachten binnen te heljen en ûnderfinings út te wikseljen.
Bij de nije organisaasje binne sa'n 150 bedriuwen oansletten. De bransjferiening komt fuort út de ICT-feriening Fryslân. Dy bestiet al fiif jier en hat 60 leden. Yn april is der in startbyienkomst.