1000 kuub sân foar Flylân

© Omrop Fryslân
Flylân krijt der dit jier oan de eastkant tûzen kuub sân by. Dat hat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat besletten. Dat besjicht alle jierren hokker kustgebieten yn oanmerking komme foar ekstra sân. It oanfullen is nedich omdat der geregeld sân fan de kusten ôfslacht.
Flylân hat dit jier ferlet fan ekstra sân, krekt as bygelyks Texel en Walcheren. It Amelân hat ferline jier 450.000 kuub sân opspuite krigen.