Projekt moat jongeren wurk jaan

18 mrt 2005 - 10:26

Sport, agresjetraining en staazjes moat Fryske probleemjongeren oan it wurk helpe. ROC De Friese Poort hat dêrfoar in spesjaal projekt opsetten. Doelgroep foarmje jongeren tusken de 16 en de 23 jier, dy't mislearre binne op skoalle en faak op strjitte omhingje en oerlêst feroarsaakje.

De gewoane opliedingsmogelikheden binne foar har gjin oplossing. ROC De Friese Poort wol de jongeren, mear as oars, yntensyf begeliede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)