Van der Meulen wol yn stamboek

© Omrop Fryslân
Ald-foarsitter Van der Meulen fan it Frysk Hynstestamboek wol op 'e nij yn it bestjoer fan dy organisaasje. Hy lûkt him neat oan fan it fersyk fan 70 leden om him net wer beskikber te stellen foar in bestjoersfunksje. De leden fine dat Van der Meulen sels te folle belangen hat yn de hynstewrâld.
Van der Meulen lûkt him neat oan fan de krityk. Hy fynt dat hy en oare ôftreden bestjoersleden weromkomme moatte, omdat se kennis fan saken hawwe.