Veerman net tsjin op aaisykjen

© Omrop Fryslân
Minister Veerman fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij erkent de kultuerhistoaryske wearde fan it aaisykjen yn Fryslân. Hy is net tsjin op it aaisykjen, seit er yn antwurd op fragen fan CDA-Twadde Keamerlid Atsma.
Veerman sjocht yn de útspraak fan de rjochter gjin algehiel ferbod op it aaisykjen. It sykjen en meinimmen fan de ljipaaien is mei de útspraak yn it minst net útsletten, skriuwt Veerman. Hy wachtet op fierdere besluten fan DS.