SC Heerenveen wint fan ADO
Sportclub Heerenveen hat tongersdei de útwedstryd tsjin ADO Den Haag mei 2-0 wûn.
Al yn de fjirde minút iepene Mika Väyrinen de skoare, nei in flater fan sintrale ferdigener Grujic. Yn de 75ste minút bepaalde Arnold Bruggink de einstân op 2-0, troch in penalty te benutten. Dy wie takind, omdat Georgios Samaras ûnderúthelle waard. It wie al wer in skoftsje lyn dat SC Hearrenfean in wedstryd wûn hie.
Trefwurden:
argyf