Kafee Nijlân útsocht foar oerfal
It kafee Nijlân yn Ljouwert, dêr't de eigner fan om it libben brocht is, wie it bewuste doel fan in oerfal, yn jannewaris. Dat ha de fertochten yn de saak sein. It ûndersyk nei it misdriuw is klear.
De trije fertochten fan 17, 18 en 19 jier wurde ek fertocht fan fjouwer oare oerfallen dêr't in soad geweld by brûkt is. De 19-jierrige hat bekend dat er de kroechbaas deastutsen hat. De fertochte fan 18 ûntkent syn belutsenheid.