Heger berop tsjin aaisykferbod

17 mrt 2005 - 14:10

De provinsje giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter oer it ferbod op it aaisykjen. Deputearre Andriesen is derfan oertsjûge dat dat berop wûn wurde sil en der yn 2006 wer gewoan aaisocht wurde kin yn Fryslân.

Tongersdei is de lêste dei dat dit jier aaisocht wurde mei. De provinsje sil net besykje oft der foar de rest fan it seizoen noch in skorsing komme kin fan de útspraak. Twadde Keamerlid Joop Atsma wol dat wol besykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)