Blinerûte Dokkum moat better

© Omrop Fryslân
De rûte foar blinen troch it sintrum fan Dokkum, dy't ferline jier oanlein is, moat ferbettere wurde. Dat waard tongersdei dúdlik yn de riedskommisje fan de gemeente Dongeradiel. De rûte foar blinen hat ferskate knipepunten.
Om de rûte te ferbetterjen moatte der ekstra rubbertegels komme. Fierder moatte der mear linen oanbrocht wurde dy't de blinen troch it sintrum liede en moat dúdliker makke wurde wêr't sy oerstekke kinne.