Ammoniakregeling fêstlein

17 mrt 2005 - 11:08

Tweintich boerebedriuwen yn foaral Súdeast-Fryslân krije de gelegenheid om út te wreidzjen. Dat is mooglik no't de provinsje fêstlein hat hokker natuergebieten ûnder de ammoniakwetjouwing falle en hokker net. Binnen 250 meter fan in beskerme gebiet meie de bedriuwen net útwreidzje.

De provinsje rint foarút op lanlike wetjouwing. Mocht dy strenger útpakke, dan wurdt de Fryske regeling op 'e nij besjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)