Provinsje: ferbod net te kearen

© Omrop Fryslân
De provinsje sjocht foar dit jier gjin mooglikheden om it ferbod op it sykjen nei ljipaaien juridysk fan tafel te krijen. Dat sei deputearre Andriesen nei it lêzen fan de útspraak fan de rjochter.
De rjochter fiert oan dat aaisykjen yn striid is mei de fûgelrjochtline. It sykjen kin net samar keppele wurde oan nêstbeskerming. It ferbod giet freed yn. Plysje en iepenbier ministearje oerlizze no oer de kontrôle dêrop.