Petysje tsjin aaisykferbod

16 mrt 2005 - 23:16

It ferbod op aaisykjen is skealik foar de greidefûgels. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. Mei it ferbod is it ek dien mei de neisoarch. Sûnder it aaisykjen hawwe de fûgels gjin beskerming mear.

De steatefraksjes ha woansdeitemiddei in petysje oanbean oan kommissaris fan de keninginne Nijpels. Nijpels sei yn in reaksje dat Deputearre Steaten der alles oan dwaan sil om it ljipaaisykjen yn de takomst wer mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)